Earste ferlies SC Cambuur

24 aug 2012 - 22:39

Sportklup Cambuur is tsjin it earste ferlies dit seizoen oanrûn. Yn en tsjin Eindhoven ferlearen de Ljouwerters ûnnedich mei 2-1. Cambuur spile in goede wedstriid, mar kaam der net ta om in doelpunt te meitsjen. Sa rekken Yuri Rose en Michiel Hemmen de peal.

Foaryn ûntbruts de skerpte en yn it lêste kertier ferlearen de ferdedigers dy ek. Sa mocht Soufiane Dadda samar trochrinne en waard even letter Jason Bourdouxhe hielendal frijlitten. Tuskentroch skoarde Wout Droste noch wol, mar dy goal smiet Cambuur neat op.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)