Berop op Achmea oer Sionsberg

24 aug 2012 - 18:28
  • De Sionsberg

Om fierdere ôfbraak fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum tsjin te gean hat aksjegroep 'Red de Sionsberg' in driuwend berop dien op de haaddireksje fan fersekerder Achmea. Ynset is stipe foar it bertesoarchplan fan De Sionsberg. Sûnt maaie fan dit jier binne Achmea en soarchfersekerder De Friesland fusearre. Achmea hat de aksjegroep witte litten dat De Friesland ferantwurdlik is foar it plan fan de bertesoarch. Mar 'Red de Sionsberg' is fan miening dat Achmea wol deeglik ynfloed útoefenje kin foar behâld fan De Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)