Mishanneling yn Snits

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje yn Snits is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling fan in 79-jierrige Snitser freedtemoarn yn syn wenplak. It slachtoffer helle om healwei alven op de fyts in kuierder mei in hûn yn. Dêrnei kaam de kuierder achter de fytser oan en sloech de Snitser. Dy foel en bruts de foet. De fertochte is dêrnei fuortrûn en liet it slachtoffer achter.
De plysje siket in man tusken de 40 en 45 jier, mei in lingte fan sa'n 1 meter 85. Hy wie yn it besit fan in grutte wite hûn dy't liket op in Labradoodle.