Merknamme Epke is fan Epke

Goud!! © ANP
It probleem mei de merknamme Epke Zonderland is al lang oplost. Dat seit Epke syn manager Johan Boesjes. Se wiene der al frij gau út mei it bedriuw dat de merknamme op 10 augustus deponearre hie. It ienmansbedriuw Maatwerk út Den Haach hie dat dien flak nei't Epke op de Olympyske Spelen in gouden medalje behelle hie.
Wat it bedriuw krekt woe mei de namme is net bekend. Lykwols, neffens Boesjes binne se der yn goed oerlis útkaam. Epke is no wer sels de rjochthawwende partij.
It kapen fan de merknamme soarget op 't heden foar in soad trelit ûnder oare op Twitter.