Undersyk brief smyt neat op

24 aug 2012 - 13:01
  • Steatelid Jelle Hiemstra

It ûndersyk nei in brief dy't ein ferline jier nei Fryske media stjoerd is oer de mishanneling fan âld-PVV-er Jelle Hiemstra, hat neat opsmiten. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. Yn it brief wurdt suggerearre dat Hiemstra de mishanneling sels yn septimber yn sêne set hat. Sa soe er de briefskriuwer 75 euro en in bivakmûtse jûn hawwe. Yn ruil dêrfoar moast de persoan by Hiemstra oanbelje.

De brief is ûndersocht troch it NFI yn Den Haach. Der is neat oantroffen dat wize kin op de identiteit fan de briefskriuwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)