Krematoariumferset giet troch

24 aug 2012 - 12:45

Tsjinstanners fan in nij krematoarium by Marsum jouwe it ferset noch net op. In groep omwenners is benaud foar ferkears- en stankoerlêst. Mar de Rie fan Steat hat de beswieren ôfwiisd. Faber Uitvaarzorg út Wommels wol no sa gau mooglik mei de bou fan it krematoarium begjinne. Mei in boaiemproseduere en de mooglikheid beswier te meitsjen tsjin de omjouwingsfergunning hoopje de tsjinstanners de bou op te kearen.

It krematoarium komt op it plak fan partysintrum Nij Andringastate.

Trefwurden: 
krematoarium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)