Iris Kroes bringt earste cd út

24 aug 2012 - 11:04

The Voice of Holland-winneres Iris Kroes hat har earste cd útbrocht. Op it album 'First' stean neist covers ek eigen nûmers. Iris wûn begjin dit jier it RTL-programma The Voice of Holland. Se foel dêr mei op troch har harp. Dy hat ek op de cd in wichtige rol.

'First' waard tongersdei presintearre by Hyves yn Amsterdam. Dêrby waarden de nûmers fan de cd ek live spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)