Riem om hals plysjeman

24 aug 2012 - 10:37

Op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in Grinzer (62) oppakt foar besykjen ta deaslach. De plysje wie op in melding ôfkaam dat in man stiennen smiten hie tsjin de ruten fan it hûs fan syn eks oan de Badwei. Ut ûndersyk die bliken dat de man ek noch in boete iepenstean hie.

Op it plysjeburo waard de Grinzer lilk en misledige er in plysje. Doe't de man de riem ôfdien hie, wat ferplichte is, die er dy om de hals fan ien fan de plysjes. Se hawwe him doe mei in pear man sterk fêstpakt en dêrnei fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)