WK fiskjen goed foar toerisme

23 aug 2012 - 22:18

De toeristyske sektor yn Fryslân kin mear dwaan mei de fisksport. Dat sei deputearre Johannes Kramer tongersdei by de offisjele iepening fan it wrâldkampioenskip sportfiskjen foar froulju yn Ljouwert. Kramer tinkt dat Fryslân troch it WK op de kaart komt te stean as fiskprovinsje en dêr kinne ek kampings en hotels fan mei profitearje. It WK wurdt sneon en snein holden lâns it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert

Yn totaal binne der 15 lannen dy't meidogge en sa'n 75 froulju. Dêrfan komme der 6 út Nederlân.

Trefwurden: 
WK Fiskjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)