Hearrenfean ûnderút yn Molde

Sportklup Hearrenfean is mei 2-0 ûnderút gien tsjin Molde FK. Yn Noarwegen wie Hearrenfean net de mindere ploech, mar krige it te min kânsen. Molde krige dy wol en yn de 31ste minút skoarde Eikrem de 1-0. Hearrenfean krige wol wat kânsen, mar troch defensyf geklungel, mocht Moström yn de einfaze de stân op 2-0 bringe.
By Hearrenfean foel Ramon Zomer út mei in ljiskblessuere. Takom wike is de return.