Grutte feroaring tiden Arriva

© Omrop Fryslân
Ferfierder Arriva komt mei yngong fan 9 desimber mei in sa goed as folslein nije tsjinstregeling foar de treinen yn Fryslân. Dat betsjut yn elk gefal dat alle fertrek- en oankomsttiden oars wurde. Nei alle gedachten sille de nije tiden yn septimber eksakt bekendmakke wurde. Dan wurdt ek de tsjinstregeling foar it busferier presintearre. Arriva hat fan 9 desimber ôf ek wer in grut part fan it busferfier yn Fryslân yn hannen.