Cambuurpappegaai wer thús

Pappegaai © Robertjan Boonstra
De brânwacht yn Ljouwert hat fannacht achter in pappegaai oan sitten. It bist wie maklik te herkennen, want hy fluite Cambuurferskes. De eigener is grut Cambuuroanhinger. Hy hat de pappegaai ferskes lykas It Woanskip oanleard.
It bist wie koartwjukke, mar wist fuort te kommen út de tûn oan de Timorstrjitte. De pappegaai fleach fan de iene beam nei de oare. Dêrom waard de brânwacht derby helle. Mei in heechwurker wist de eigener it bist wer te fangen.