Spesjale Stuyvesant-kuiertocht

23 aug 2012 - 17:21

Fjouwerhûndert kuierders sille sneon 1 septimber yn Weststellingwerf meidwaan oan in spesjale Stuyvesant 400 kuiertocht. Dit yn it ramt fan it feit dat it fjouwerhûndert jier lyn is dat Pieter Stuyvesant, de ûntdekker fan New York, berne waard tusken de Linde en de Tjonger.

De kuiertocht is foar ien kear en der wurdt rûn yn trije groepen. De grutte Pieter Stuyvesant kuiertocht wurdt om de twa jier holden en luts foarich jier noch sa'n 3500 kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)