St Griene Erfguod nei rjochter

23 aug 2012 - 17:10

Stichting It Griene Erfguod is wer nei de rjochter stapt omdat se fynt dat de provinsje in ûntheffing op de Floara en Faunawet ha moat foar de oanlis fan de Sintrale As. Dy ûntheffing is nedich neffens de tsjinstanners fan de dyk omdat der op it trajekt beskerme fûgels, fleermûzen en modderkrûpers binne.

It ministearje fan ekonomy, lânbou en ynnovaasje oardiele earder dat sa'n ûntheffing net nedich wie. It fersyk fan de stichting om sloopwurksumheden oant in útspraak stil te lizzen waard earder ôfwiisd troch de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)