'Fertsjinje oan KH 2018'

© Omrop Fryslân/Andries Bakker
Fryslân kin miljoenen fertsjinje oan it evenemint Kulturele Haadstêd, lit de kandidatuer fan Liverpool fan trije jier ferlyn sjen. Dat sei in sprekker út Liverpool op de Europadei yn de Brakke Grond yn Amsterdam. Dêr wiene alle Nederlânske kandidaten foar de titel Kulturele Haadstêd fan 2018 útnoege.
Ien fan de sprekkers wie Neil Peterson út Liverpool. Hy fertelde dat syn stêd trije jier ferlyn 140 miljoen útjoech, mar hast in miljard fertsjinne. Peterson tinkt dat syn stêd troch de positive ynfloed fan de Kulturele Haadstêd de resesje in pear jier op ôfstân halde kinnen hat. Njonken Ljouwert wolle Utrecht, Den Haag, Maastricht en Eindhoven Kulturele Haadstêd 2018 wurde. It oare Europeeske lân dat yn 2018 in Kulturele Haadstêd leverje mei is Malta.