Sjoernalisten LC hâlde aksje

12 des 2011 - 16:04

Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante diele tiisdei fergees in pear hûndert kranten út op strjitte. Se dogge dat middeis yn Ljouwert. De groep fan goed fyftjin sjoernalisten wol hjirmei omtinken freegje foar de kwaliteit fan de krante. Dy mei net ferlern gean.

Deiblêdmeiwurkers fiere sûnt ferline wike aksje foar in nije CAO. Op 1 jannewaris fan dit jier hie der in nije CAO lizze moatten foar meiwurkers fan lanlike en regionale deiblêden. Mar de ûnderhannelings rinne kear op kear fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)