Dummies út winkel stellen
Yn in winkel yn Burgum is yn de nacht fan sneon op snein ynbrutsen. De dief of dieven makken in rút stikken om deryn te kommen. Dêrnei makken se in fitrine stikken en namen in pear mobile telefoans mei. Mar dat wiene allegearre dummies.
In 43-jierrige man út Ljouwert hat oanjefte dien fan de ynbrekkerij.