Nije fytsploech Sven Kramer

Sven Kramer fytst takom seizoen foar de Noordelijke Wielervereniging Groningen. Kramer wol gruttere koersen ride. By de klup WV Olympia op It Hearrenfean dêr't er no sit, kin dat net.
De reedrider bewiist al jierren dat er ek goed fytse kin. Twa jier lyn wûn er de klassikers De Ronde rûn it Ronostrân en De Westfriese Doarpenomloop. It jier dêrfoar wûn er De Ronde fan de Kerspelen. Yn 2004 waard Kramer op it Nederlânsk kampioenskip tiidriden foar junioaren twadde achter Robert Gesink.