Asbest fûn yn skoalle Snits

It Magister Alvinus yn Snits © Google streetview
By skoallemienskip Magister Alvinus yn Snits is asbest fûn. Yn ien fan de eardere stookkelders binne by in kontrôle meardere stikkene asbestbuizen oantroffen. Dy buizen wurde net mear brûkt, mar it asbest sit wol yn de lucht yn de kelder. De ynspekteur dy't it asbest fûn hat, hat de kelder ôfsletten en sûnt doe hat der net ien mear yn de kelder west.
It ferwiderjen fan it asbest kostet in lytse tsientûzen euro. De gemeente Sudwest-Fryslân draait foar dy kosten op.