Fivers Stania State útbaggere

23 aug 2012 - 13:51

De histoaryske fivers fan Stania State yn Oentsjerk wurde hielendal útbaggere. It wetter by de troulokaasje is dêr nedich oan ta om't der in soad slib yn de fivers sit. Parkfivers wurde ien kear yn de tweintich jier útbaggere. It is in lestige put, om't it histoaryske park dat yn 1821 troch de ferneamde túnarsjitekt Lucas Roodbaard ûntwurpen is, net skansearre wurde mei.

It opknappen fan de fivers moat 14 septimber klearwêze. It wurk sil sa no en dan stillein wurde as der in trouwerij yn it park is.

Der kin wol stankoerlêst komme troch it baggerslib.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)