Gjin bod op Doutzen-shirts

Doutzenshirts © Prachtigveendam.nl
Grinslanners rinne noch net waarm foar Doutzen Kroes. Der is oant no ta gjin inkele belangstelling foar twa fuotbalshirts fan SC Veendam, dy't troch it Fryske topmodel sinjearre binne. De fuotbalklup hat de twa shirts foar 500 euro te keap stean op feilingwebside Ebay. Mar oant no ta is der gjin bod dien.
Veendam lit de shirts noch in pear wiken stean. As se dan noch net ferkocht binne, dan wol de klup de shirts op in oare wize feile.