Auto botst op beam Frjentsjer

23 aug 2012 - 10:26

By Frjentsjer is woansdeitenacht in automobilist út de bocht flein en tsjin in beam botst. Op de Salverterwei seach de 28-jierrige Frjentsjerter de bocht te let en knalde op in beam. Hy koe sels út de auto komme. Omwenners warskôgen de helptsjinsten en holpen de man. Hy is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Frjentsjer auto beam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)