Mishanneling en deaslach

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 34-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De man krige spul mei syn eks-skoanfamylje, wêrby't er in 53-jierrige man mishannele. Dy moast mei ûnbekende ferwûnings opnaam wurde yn it universitêr sikehûs yn Grins.
In 25-jierrige man út Jobbegea is woansdei oppakt fanwege in fertinking fan deaslach of moard. Hy is mei syn auto meardere kearen op syn heit ynriden.