'Haai werom yn Waadsee'

23 aug 2012 - 08:02
  • haai

Oer in pear jier tiid swimme der wer haaien yn de Waadsee. Dat ferwachtet de Waadferiening. Benammen de flekte glêde haai, in foar minsken ûngefaarlike soart, wurdt hieltyd noardliker sjoen. Oant de jierren sechtich sieten der haaiesoarten yn de Waadsee, mar troch oantaasting fan harren leefgebiet binne dy foar in grut part ferdwûn.

De Waadferiening soe it geweldich fine as de haai weromkomt yn de Waadsee, as teken fan it herstel fan de natoer. Yn Seelân komt de flekte glêde haai al wer foar, dêr wurde haaien fan 1,5 meter lingte fûn.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)