ONS maklik fierder yn beker

23 aug 2012 - 00:10
  • O.N.S.

ONS Boso Snits hie it woansdeitejûn net al te dreech om de twadde ronde fan it KNVB-bekertoernoai te heljen. Yn Etten-Leur waard Internos mei 5-0 ferslein. Sneonshaadklasser ONS begûn mei it missen fan in strafskop tsjin de sneins tredde klasser. Dêrnei soarge Sandor van der Heide foar de 2-0 Snitser foarsprong by it skoft. Troch Arnold Herder en Rudy Mann (2x) waard de einstân berikt. Mark de Vries, de âld-spits fan Cambuur, makke syn debút by ONS. Op 25 of 26 septimber binne de profs fan Excelsior de folgjende tsjinstanner yn Snits.

Trainer Jan Vlap sil it de kommende wiken dwaan moatte sûnder Jurjen Bosch. Hy krige in traap op syn ankel. Ek Sandor van der Heide rûn skea op. Hy hat in spier ferrutsen. Boppedat is Chris de Wagt foar langere tiid út rûlaasje. ONS begjint op sneon 1 septimber oan de kompetysje mei in thúswedstriid tsjin Berkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)