Van Basten jout H'fean 50 %

Marco van Basten © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Sportklup Hearrenfean hat 50 persint kâns op de groepsfaze fan de Europa League. Dat tinkt trainer Marco van Basten. Hearrenfean moat tongersdei op besite by it Noarske Molde. De return is nije wike yn it Abe Lenstra stadion. Molde FK is neffens Van Basten net allinnich fysyk in sterke ploech, de gearwurking yn it team is ek hiel goed. Molde FK is de nûmer twa fan de heechste Noarske fuotbalklasse. De kânsen fan Hearrenfean hingje ôf fan in goed resultaat yn Molde, tinkt van Basten.