Mooglik tekoart Fries Museum

22 aug 2012 - 19:45

It Fries Museum wol in hegere bydrage fan de provinsje. Dy jout op dit stuit sa'n 2,5 miljoen, mar dat is net genôch omdat de nijbou dêr't it museum hinne giet folle mear kosten mei him meibringt as de âlde lokaasje. Der driget dêrtroch yn 2014 in tekoart fan trije oant seis ton op in begrutting fan sa'n 3,5 miljoen.

It nije museum hat de ambysje om alle jierren 100.000 besikers te lûken. Om dat te berikken moatte der mear eksposysjes organisearre wurde as yn it âlde gebou. Troch it tekoart driget dat net te slagjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)