Vuelta kin ek yn Boalsert

Snits as startplak fan de Vuelta yn 2015 is noch hielendal net wis. Ek Boalsert komt noch yn de beneaming. Dat seit wethâlder Wiggele Sinnema fan Súdwest-Fryslân. Woansdei waard bekend dat twa etappes fan de Ronde fan Spanje yn Fryslân ferriden wurde sille, wêrby ien oer de rûte fan de Alvestêdetocht. Neffens Sinnema is Snits in logyske kar om't it it grutste plak is, mar Boalsert is it start- en finishplak fan de fytsalvestêdetocht.