Mear enerzjy út dong helje

Op de Dairy Campus yn Ljouwert begjint in projekt om mear enerzjy út dong te heljen. Enerzjy út dong helje wurdt no ek al dien, mar it kin rendabeler. Fiif partners dogge mei oan de BeddingMaster, de masine dy't de dong ferwurket. Klaas de Vries fan VT Products fan It Hearrenfean ymportearret de Beddingmaster út Amearika. De provinsje stipet it projekt mei hast twa ton. It begjint yn oktober.