PC foar froulju yn Weidum

Yn Weidum wurdt woansdei de 36ste PC foar froulju ferkeatst. Op de list steane tolve partoeren. Om 11.00 oere binne de earste wedstriden begûn. Op www.omroplive.nl is it keatsen te folgjen en fan 13.00 oere ôf ek op deitelevyzje fan Omrop Fryslân.
De suskes Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra keatse op de earste list mei har beiden. Lisette Wagenaar docht net mei fanwegen in blessuere. Fenna Zeinstra wûn de PC ferline jier mei Leonie van der Graaf en Margriet Koelmans. Zeinstra waard doe ek keninginne.