Himpkwekerij yn Noardburgum

22 aug 2012 - 10:45

De plysje hat tiisdei yn in hûs oan de Alde Kommisjewei yn Noardburgum fiif minsken út Noard-Hollân oanhâlden. It giet om in man fan 56 jier, twa froulju fan 37 en 50 jier en twa bern fan 14 en 15 jier. De plysje kaam yn aksje om't de folwoeksenen socht waarden troch de plysje yn Noard-Hollân. Se hiene de bern tsjin in rjochterlike útspraak yn meinaam. Doe't de plysje sân achterbleaune hûnen fan de minsken fersoargje woene, ûntdutsen se ek noch in himpkwekerij mei 225 planten. Al it guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje Noardburgum himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)