Portret Saskia gjin Rembrandt

22 aug 2012 - 10:25

It portret fan Saskia Uylenburgh dat koartlyn boppe wetter kaam, blykt gjin echte Rembrandt te wêzen. Dat konkludearret restaurateur Martin Bijl nei ûndersyk. Sa is hoe't it gesicht fan Saskia skildere is te simpel foar in Rembrandt en ûntbrekke details op har klean. In anonime keunstsamler hie de Stichting Culturele Herdenkingen Fryslân tipt oer dit skilderij. Hy hie it wurk jierren lyn kocht op in feiling yn Sweden. De kâns bestiet dat it skilderij makke is troch Govert Flinck, in learling fan Rembrandt. Dêr is neier ûndersyk foar nedich.

Yn it ramt fan it 400ste bertejier fan Saskia Uylenburgh wurdt op 13 oktober in exposysje iepene yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De organisaasje besiket oft it portret dêr ek te sjen wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)