Ljouwerter (21) skopt en slein

22 aug 2012 - 10:17
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In Ljouwerter (21) is tiisdeitenacht swier mishannele troch twa jonges fan 17 jier. It slachtoffer seach dat ien fan de beide jonges op strjitte stie te pisjen en sei der wat fan. Hy fytste fierder, mar de jonges kamen achter him oan. Se skopten him fan de fyts. Doe't de man op strjitte lei, waard er skopt en slein. It slachtoffer moast nei it sikehûs mei it skouder út de kom en ferwûnings oan syn holle. In tsjûge warskôge de plysje, dy't de beide jonges op de Achter de Hoven oanhâlde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)