Blau-alch yn Grutte Wielen

Blau-alch © ANP
De provinsje warskôget foar blau-alch yn it wetter fan de Grutte Wielen by Ljouwert. It is dêrmei it achtste plak dêr't blau-alch fûn is. Ut meunsters moat bliken dwaan oft de fersmoarging ta in negatyf swimadvys liedt. Ferline wike wie in warskôging foar blau-alch yn de Lytse Wielen by Ljouwert.
Op de webside fan de provinsje stiet in oersjoch fan de swimplakken yn Fryslân. De provinsje telt 51 swimplakken dy't twa kear yn de moanne kontrolearre wurde.