Vuelta twa dagen yn Fryslân

22 aug 2012 - 09:49

De Ronde fan Spanje, de Vuelta, sil yn 2015 twa dagen troch Fryslân gean. Alteast, as de dielnimmende gemeenten meibetelje wolle oan 'e organisaasjekosten. It begjin fan de 70e edysje is krekt as yn 2009 yn Drinte. Yn Emmen wurdt dan in ploegetiidrit riden. De twadde etappe begjint yn Snits en sil de alvestêderûte folgje. De einstreek leit yn Ljouwert. De tredde etappe begjint yn Dokkum en giet dan nei de provinsje Drinte. Dêrnei is Súd-Nederlân twa dagen oan bar mei de fjirde en fiifde etappe. It hurdfytssirkus giet dêrnei nei Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)