Freek de Jonge yn Warkum

22 aug 2012 - 09:47
  • Stimme

Kabaretier Freek de Jonge komt yn de oanrin nei de ferkiezings op 12 septimber op 'e nij mei in konferense. De lêste try-out is 5 septimber yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum. It sintrum iepenet mei de foarstelling it teaterseizoen 2012-2013. De titel fan de konferense is Mierenneuken. De Jonge sil de konferense mar 17 dagen spylje en de foarstelling yn Warkum is de ienige yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)