Weet yn heech tempo fan it lân

Fryske bouboeren hawwe flink profitearre fan it moaie waar fan de lêste dagen. Yn minder as twa wike tiid is al hast 85% fan alle winterweet fan it lân helle. Dat is in grut ferskil mei ferline jier, doe't de rispinge flink te lijen hie fan it wiete waar.
De opbringst falt wol ôf. Yn de froastperioade fan febrewaris is hast 10% ferlern gongen. De froastskea yn lannen as Ruslân, Poalen en Roemenië wie lykwols noch grutter. Mei dêrtroch leit de graanpriis 25% heger as in jier lyn.
De priis leit no op 235 euro per ton. De ferwachting is dat ein fan de wike alle winterweet binnen is. Takom wike folget noch it simmerweet.