Dearsum krijt in read plein

Dearsum krijt aanst syn eigen reade plein. De trochgeande dyk troch it doarp wurdt op it stuit oanpakt om de ferkearsfeilichheid te ferbetterjen. Ien fan de feroarings is dat der yn it doarp read asfalt en reade klinkers komme te lizzen.
Op de dyk tusken Snits en Ljouwert dy't troch Dearsum giet, wurdt faak fierstente hurd riden. Yn it doarp wie de maksimumsnelheid 70, dat wurdt ferlege nei 50. Mar ek de omjouwing fan de dyk wurdt oanpast, sadat it der mear útsjocht as in dyk troch in doarp.
Der komt ek in oerstekplak foar fytsers en fuotgongers. De minsken dy't oan de provinsjale dyk wenje krije in paad foarhús dat oanslút op de rotonde of de ovonde, sadat se net yn ien kear de dyk op hoege te riden. It wurk moat yn desimber klear wêze.