Bauke Mollema stabyl yn Vuelta

21 aug 2012 - 18:45

Bauke Mollema is nei de fjirde etappe yn de Vuelta, de Ronde van Spanje, opskood nei it 4e plak yn it klassemint. De etappe fan Barakaldo nei Estación de Valdezcaray oer 160 kiometer waard wûn troch de Australiër Simon Clarke, ploechgenoat fan Pieter Weening. Pieter sels einige ek no yn de achterhoede, op in kertier fan de winner.

De Vuelta hat ek in nije lieder, dat is Joaquim Rodriguez. Hy profitearde fan in falpartij dêr't ek de nûmer 1 Valverde by belutsen wie. Bauke Mollema stiet no op 9 tellen fan de nûmer 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)