KNVB jout ta dat der in lek is

21 aug 2012 - 18:27
  • KNVB-site

De KNVB jout ta dat de gegevens fan spilers en skiedsrjochters hiel simpel fan harren webside te heljen binne. Adressen, tillefoannûmers en e-mailadressen binne maklik te achterheljen. Dat komt troch in lek op de webside voetbal.nl, dy't troch de KNVB foar amateurfuotballers opsetten is.

Fia in anonime tip oan Omrop Fryslân kaam dit lek boppe wetter. De KNVB seit yn in reaksje dat it de websidebehearder net bekend wie, dat dit koe. Se binne no drok dwaande om it probleem op te lossen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)