Zijlstra iepenet wettersintrum

12 des 2011 - 13:54

Steatssekretaris Halbe Zijlstra iepenet op 11 jannewaris it Centre of Expertise Watertechnology op de wetterkampus yn Ljouwert. Yn it sintrum wurkje oerheden, ûnderwiis, bedriuwslibben gear. Wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert is der ek by belutsen.

Bedriuwen dogge mei studinten ûndersyk yn ynnovative laboratoaria. De hegeskoallen NHL en Van Hall Larenstein binne yn 2009 begûn mei it opsetten fan it sintrum. Der is oant no ta 10 miljoen euro ynvestearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)