Leechsteande pleats útbaarnd
In leechsteande pleats oan De Dolle yn De Triemen is moandeitenacht útbaarnd. In buorman waard wekker fan de knetterjende flammen en seach dat de pletas yn 'e brân stie. De brânwacht koe net folle mear dwaan en liet de pleats kontrolearre útbaarne. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.