Grutte 'kwallen' yn Turfrûte

21 aug 2012 - 12:53
  • kwabben
  • kwabben

Op de Turfrûte dobberje ferskate kwabben fan slym. It giet om in koloanje fan mosbistjes dy't út Noard-Amearika komme en fia de boaten fan toeristen yn ús lân kaam binne. Fral mei hyt waar wol it bistje wol groeie en kleve se oan elkoar.

Slúswachter Jeroen van der Meer fiske dit wykein ferskate eksimplaren op út it wetter yn Appelskea. Hy tocht dat it om in grutte kwal gie. Fiif jier ferlyn binne se ek al oantroffen. Se kinne fierder gjin kwea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)