Sauna's lêst fan konkurrinsje

Lytse saunabedriuwen hawwe it net maklik troch de konkurrinsje mei grutte sauna- en wellnessbedriuwen. Sauna Frjentsjer is dêr in foarbyld fan. De sauna fan Geert en Hannie Hof bestiet al 24 jier. It echtpear siket nei keapers, mar dat liket noch net sa maklik te gean. Trochdat der ek alris in ferkeapadvertinsje op ynternet stien hat, geane der geruchten dat de sauna ticht of al ferkocht is.
Yn de simmerperioade is de sauna mar beheind iepen. Hof en syn frou sykje opfolgers.