Dronken bromfytser botst
In dronken bromfytser út Appelskea is moandei yn Warffum yn Grinslân oanhâlden nei't er in ûngelok feroarsake. De man botste tsjin de auto fan in 29-jierrige frou út Warffum. Der rekke nimmen ferwûne. De brommerrider hie gjin rydbewiis en hie de brommer net fersekere. Hy is mei ferskate bekeurings nei hûs ta stjoerd.