Winkeldieven pakt yn Drachten

21 aug 2012 - 11:29

De plysje yn Drachten hat moandei twa winkeldieven mei in preparearre tas oanhâlden. De twa mannen fan 33 en 35 jier út Ter Apel stielen guod út in kosmetikasaak oan de Noarderbuert. In tsjûge folge de dieven en warskôge de plysje. Dy hat de dieven op it Kiryat Onoplein oanhâlden. De tas, it stellen guod en de auto fan de dieven binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
winkeldieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)