Swierferwûne troch botsing hûn

Traumahelikopter © ANP Kippa
In 48-jierrige fytster út Dokkum is moandei swierferwûne rekke by in ûngelok mei in hûntsje. De frou fytste oer de Festus Hommiusstrjitte yn har wenplak, doe't de hûn ûnferwacht achter in caravan wei kaam. De frou koe it bist net ûntwike en kaam raar te fallen. Se is mei harsenletsel mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht.