Fan desimber ôf mear treinen

21 aug 2012 - 10:29

Fan 9 desimber ôf sille der mear treinen ride op it spoar tusken Ljouwert en Swolle. Dat hat spoarbehearder ProRail tiisdei bekend makke yn de nije tsjinstregeling foar 2013. Der komt earst ien trein yn de oere by. Yn 2017 moatte der fjouwer treinen yn de oere ride.

ProRail pakt yn 2013 ek it spoar sels oan. De baanfekken tusken It Hearrenfean en Meppel, Ljouwert en Harns en Ljouwert en Snits wurde opknapt. Op dit momint is ProRail dwaande mei it spoar tusken Ljouwert en Grins.

Trefwurden: 
trein spoar ProRail
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)