Brede skoalle yn De Westereen

20 aug 2012 - 20:35

In brede skoalle mei dêryn de beide basisskoallen, de bibleteek en de berne-opfang is de bêste oplossing foar De Westereen. Dat docht bliken út in helberheidsstúdzje fan de gemeente Dantumadiel. Earst wie der noch sprake fan dat der ek in sportseal by boud wurde soe, mar dat wurdt te djoer. Boppedat is de besteande sporthal noch goed genôch.

De bou kostet sa'n fiif miljoen euro. As de gemeenteried akkoart giet, sil de skeppe takom jier de grûn yn.

Trefwurden: 
biblioteek brede skoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)