'Guozzekosten kinne leger'

20 aug 2012 - 20:24

De kosten dy't de provinsjes meitsje oan de wylde guozzen kinne flink nei ûnderen. No binne se alle jierren 26 miljoen kwyt, mar dat kin wol nei 10 miljoen. Dat kin as 60% fan de guozzen fongen of ôfsketten wurdt. Dat stelt in rapport dat minsken fan ûnder oare de lânbou-universiteit fan Wageningen útbrocht hawwe. It ûndersyk is dien yn opdracht fan it ministearje fan ekonomyske saken en lânbou.

As der neat feroaret, sille der yn 2018 hast 1,5 miljoen guozzen yn ús lân wêze. Dêr komme winterdeis dan nochris goed trije miljoen by.

De ûndersikers pleitsje yn it rapport ek foar in weryndieling fan de rêstgebieten foar guozzen dy't troch de Europeeske Uny subsidearre wurde. Dêrtroch moat in grutter part fan de behearskosten fan Nederlân troch Brussel betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)